In de media, aandacht voor nieuwe audiotour

      Reacties uitgeschakeld voor In de media, aandacht voor nieuwe audiotour

Regioblad Op ‘e Skille interviewt Klaske Feikema over de ontwikkeling van de nieuwe audiotour in de kerk van Boazum. Artikel is geschreven in het Fries.


Fjouwertalige audiotoer bewarret it Boazumer erfgoed foar de takomst

BOAZUM – Stilsitte sit der foar Klaske Feikema net by. Nei in wurksum libben yn de administrative sektor en neist har tsjerkerintmasterskip fan de Sint Martentsjerke yn Boazum hat hja yn 2023 it idee opfette om in audiotoer te meitsjen foar de tsjerke. No sil it net lang mear duorje oant de earste toeristen der gebrûk fan meitsje kinne.

Klaske regelet al jierren in hiel soad foar de tsjerke fan Boazum. Hja soarget derfoar dat der altyd frijwilligers binne mei Tsjerkepaad, trommelet minsken op foar it snoeien fan de beammen om it hôf of foar oare putsjes.

Sy sjocht dat der in moaie groep warbere rûnlieders is mei in soad kennis, mar dy reitsje op jierren. “It is spitich as dy it net mear dwaan kinne. Sy hawwe sokke moaie ferhalen, dy moatte wy bewarje,” is Klaske fan betinken. Mei dat yn ‘e efterholle kaam de audiotoer as modern middel by har op. De tsjerkeried wie entûsjast doe’t Klaske dat foarstelde en sa is se yn ‘23 begûn mei ideeën út te wurkjen. Tuskentroch waard der oan de restauraasje fan it midsiuwske fresko wurke. “Dy minsken kinne sa’n soad fertelle, dat woe ik graach opnimme.”

Doe’t Klaske op fakânsje wie yn ‘e omkriten fan Heiloo, hat se de kâns nommen om gebrûk te meitsjen fan de audiotoer yn it doetiidske kleaster. Dy wie makke troch Allard Amelink, dy’t ûnder oaren podcasts makket. Nei dy audiotoer, dêr’t muzyk yn meispile neist de teksten, hat Klaske kontakt mei Allard opnommen.

Nije útdaging

Klaske hat har ferdjippe yn de ferskate aspekten fan it meitsjen fan in audiotoer en foar it oanskriuwen fan fûnsen hat sy in kostenroaiïng makke. Foar it Iepen Mienskips Fûns (IMF) moast o sa folle beskreaun wurde, mar fol lof is sy oer de meiwurkers dêr, dy’t har holpen mei oanwizingen. De Stichting De Freonen fan de Boazumer Tsjerke stipet it projekt en ek oare fûnsen jouwe in bydrage.

Ferhalen sammelje, fraachpetearen útwurkje, in soad boekwurken en argiven trochwrakselje en fansels doarpshistoarikus Ph. Breuker, dy’t moaie oanfollings hie. Dêrnei it skiftsjen fan ferhalen, ynkoartsje ta koarte teksten.

Allard hat ek in soad tips jûn foar it technyske aspekt, yn ‘e kunderûnte hat Klaske minsken fûn dy’t net allinnich oersettingen meitsje koene fan de teksten út it Nederlânsk wei nei it Frysk, Dútsk en Ingelsk, mar dy’t ek it ynsprekken fan de audiotoer dwaan koenen.

Opname audiotour Kerk Boazum
Foto: Piety Bakker, ien fan de meiwurkers, sprekt yn de konsistoarje tekst yn foar de audiotoer.

“Ik hie nea tocht dat it safolle wurk wêze soe, mar wat is dit moai om te dwaan. It is in nije útdaging om op moderne wize de skiednis, it erfgoed, te bewarjen foar de takomst.”

Nei goed oardel jier rint it no ta in ein. Foardat yn april/maaie de toeristen komme, komt it proses ta in ein. “Tusken de teksten moat in stikje muzyk komme. Net dreech, net tsjerklik, mar wol passend by it ûnderwerp.” Klaske siket hjir moaie tapaslike stikjes foar en Allard foeget it yn tusken de teksten.

De kommende tiid wurde der ferpleatsbere buordsjes makke mei in lyts stikje tekst en in QR-koade, dy’t minsken mei de telefoan scanne kinne, mar it measte wurk is no wol dien. Klaske is bliid dat it dan klear is, dat se it oanbiede kin.

Tsjerke foar bredere funksjonaliteiten

“It soe moai wêze as wy de tsjerke foar mear aktiviteiten brûke kinne,” dreamt Klaske fierder oar de takomst. “Aktiviteiten dy’t neat mei tsjerke fan dwaan hawwe, mar allinnich yn it gebou plakhawwe. Tink oan konserten fan jonge bands of in oargelkonsert dêr’t de oargelist alles út it oargel hellet, ek mei moaie moderne muzyk.” Aktiviteiten dy’t ek de jongerein oansprekke sille.

Mar earst de QR-koades foar de audiotoer, dy’t ek de jongerein talaket.